literature

The Fall of Man - Frisian

Deviation Actions

sewandrere's avatar
By
Published:
686 Views

Literature Text

DE FAL FAN DE MINSKE



Fan alle yn it wylde libbende dieren dy God, de Hear, makke hie, wie de slang it slûchslimst. Dit dier frege oan de frou: 'Is it wier dat God sein hat dat jim fan gjin inkelde beam yn de tún ite meie?' 'Wy meie de fruchten fan alle beamen ite,' antwurde de frou, 'útsein dy fan de beam yn it midden fan de tún. God hat ús ferbean fan de fruchten fan dy beam te iten oft harren sels mar oan te reitsjen, as wy it dochs dogge, doe gean wy stjerre.' 'Jim sille seker net stjerre,' sei de slang. 'Rjochtoarsom, God wit dat jim de eagen iepengean sille sa gau as jim dêrfan ite, dat jim dan as Goden wêze sille en kennis hawwe sille fan goed en kwea.'

De frou seach nei de beam. Syn fruchten seachen hearlik dêrút, hja wiene in sin foar it each, en hja fûn it oanloklik dat de beam har wiisdom skinke soe. Hja plukte in pear fruchten en iet dêrfan. Hja joech ek wat oan har man, dy by har wie, en ek hy iet dêrfan. Doe giene har beide eagen iepen en hja merkten dat hja neaken wiene. Dêrom riuwden hja fiigenblêden oan mekoar en makken dêrfan skerteldoeken.

Doe de minske en syn frou God, de Hear, yn de koeltme fan de jûnwyn troch de tún wannelje hearden, ferburgen hja harren foar him tusken de beamen. Mar God , de Hear rôp de minske: 'Wêr bisto?' Hy antwurde: 'Ik hoarde jo yn de tún en waard bang omdat ik neaken bin; dêrom ferburch ik my.' 'Wa hat dy ferteld dat do neaken bist? Hasto soms iten fan de beam wêrfan ik dy ferbean hie te iten?' De minske antwurde: 'De frou dy jo makke ha om mei my besiden te stean, hat my fruchten fan de beam jûn en doe ha ik dêrfan iten.' 'Wêrom hasto dat dien?' frege God, de Hear, oan de frou. En hja antwurde: 'De slang hat my mislied en doe ha ik dêrfan iten.'

God, de Hear, sei tsjin de slang:'Ferflokt bisto dat'sto dit dien hast, it fee silsto fierdersoan mije, wylde dieren wende harren ôf, op dyn búk silsto krûpe, en stof silsto ite, dyn hiele libben lang. Fijânskip stichtsje ik tusken dy en de frou, tusken dyn neigeslacht en harres, hja ferbrizelje dyn kop, do bytst harren yn de hakke.' Tsjin de frou sei hy: 'Dyn swierens meitsje ik ta in swiere lêst, bealgje silsto as't bernest. Do silsto dyn man begeare, en hy sil oer dy hearskje.' Tsjin de minske sei hy: 'Do hast de frou harke, iten fan de beam dy ik dy ferbean hie. Ferflokt is de eker om wat'sto dien hast, swoegje silsto om dêrfan te iten, dyn hiele libben lang. Toarnen en stikels sille dêr waakse, dochs moatsto fan syn wosken libbe. Switte silsto foar dyn brea, oant dat'sto weromkomst oant de ierde, wêrút do nommen bist: stof bisto, oant stof komsto werom.'

De minske neamde syn frou Eva; hja is de mem fan alle libbenden wurden. God, de Hear, makke foar de minske en syn frou klean fan dierenfellen en luts harren dy oan.

Doa tocht God, de Hear: No is de minske oan ús gelyk wurden, no hat er kennis fan goed en kwea. No wil ik foarkomme dat er ek fruchten fan de libbensbeam plukt, want as hy dy ite soe, soe hy ivich libbe. Dêrom stjoerde hy de minske wei út de tún fan Eden om de ierde te gean bewurkje, wêrút hy nommen wie. En neidat hy him weijage hie, pleatste hy te'n easten fan de tún fan Eden de cherubs en it hinne en wer flitsende, flammende swurd. Hja moasten de wei nei de libbensbeam beweitsje.
De Fal fan de Minske, bibeloersetting út't Nederlânsk.
© 2015 - 2024 sewandrere
Comments0
Join the community to add your comment. Already a deviant? Log In